Pols brekt by FK-fierljeppen

09 aug 2008 - 15:44

Fierljepper Thomas_Helmholt út Burgum is sneontemiddei mei de skrik frij kaam by it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum neidat de karbonpols wêr´t hy mei ljepte knapte.

Helmholt foel derby in oantal meters nei ûnderen op it sânbêd. De wedstryd is efkes stillein, omdat de pols ferfongen wurde moast. It is net de earste kear yn de histoarje fan it karbontiidrek by it fierljeppen dat der in polsstôk knapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)