Oanhâldings foar mishanneling

09 aug 2008 - 14:08

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon twa manlju út Noard-Hollân oanhâlden foar mishanneling. De twa wiene mei noch trije oaren op stap oan it Ruterskwartier yn Ljouwert.

Dêr hat ien fan har in ynwenner fan Ljouwert een klap jûn. Letter waard de Ljouwerter belaagd en krige klappen en skoppen. Op oanwizings fan tsjûgen hat de plysje twa fertochten oppakt. Wat it motyf fan de twa wie om de Ljouwerter te mishanneljen wurdt noch fierder ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)