Motor oanriden troch auto

09 aug 2008 - 11:04

Op it Europaplein yn Ljouwert is freedtemiddei in frou út de Westerein ferwûne rekke troch in oanriding. De frou siet achterop in motorfyts, doe't dy ynienen fan achteren oanriden waard troch in autobestjoerster út Ede.

It slachtoffer foel troch de oanriding op de grûn. Se is mei rêchklachten oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerster fan de motorfyts, in frou út Stiens, rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)