Schuil en Nummerdor winne

Schuil en Nummerdor winne fan Switsers
Richard_Schuil en Reinder_Nummerdor ha harren earste wedstriid fan it olympysk beachfoljebaltoernoai oertsjûgjend wûn. De Switsers Martin_Laciga en Jan_Schnider moasten mei 21-14 en 21-15 belies jaan.
Mei kroanprins Willem-Alexander en prinses Maxima op de tribune spilen Schuil en Nummerdor de spanning yn de waarmte fan Sina al gau fan harren ôf. Op moandei 11 augustus spylje de mannen har twadde wedstriid yn groep E tsjin de Noaren Kjemperud en Skarlund.