Omraak trouwe op 080808

Trouamtners hiene it freed drok mei stellen dy't dy dei útsocht hiene om te trouwen. De datum 8 augustus 2008, oftewol 08-08-08, is maklik te ûnthâlden foar letter. En neffens de âlde Griken stiet it getal acht foar rjochtfeardigens.
Rûnom yn 'e provinsje smieten tsientallen minsken de lapen gear. By Crackstate op It_Hearrenfean stie it earste stel moarns om njoggen oere al foar de doar. Dêr waarden alve stellen troud, yn Ljouwert achttjin.