Ynsekten pleagje sporters

08 aug 2008 - 16:08

De beachvolleyballers by de Olympyske Spelen yn Peking hawwe lêst fan gillende ynsekten. De bisten fan 2 by 3 sintimeter komme op keunstljocht ôf. Se meitsje sa´n leven dat wedstriden stillein wurde moatte.

De Ljouwert beachvolleyballer Richard_Schuil en syn maat Reinder Nummerdor komme sneon by deiljocht yn aksje yn Sina. Dan hoecht it ljocht net oan, Se sille nei alle gedachten gjin lêst fan de gillende ynsekten hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)