Beswier tsjin mear glêstúnbou

Natuerorganisaasjes wolle net dat de glêstúnbou by Seisbierrum útwreidet. Ryk, provinsje en de gemeente wolle it gebiet twa kear sa grut meitsje, ta 200 bunder. Dêr is neffens de natuerorganisaasjes gjin ferlet fan. Sy meitsje harren soargen oer de effekten op it miljeu en oer de ferkearsfeiligens.
De Miljeufederaasje, de Waadferiening en Lânskipsbehear Fryslân hawwe derom beswier yntsjinne tsjin it ûntwerp bestimmingsplan.