Motorrider swierferwûne

© Omrop Fryslân
In 37-jierrige motorrider is tongersdei by in ûngelok yn Ljouwert swierferwûne rekke. De man soe neffens tsjûgen yn in swiere tongerbui twa auto's ynhelje en dêrby de stoeprâne rekke hawwe. Dêrtroch kaam er te fallen. Mooglik hat er dêrby mei syn lichem in lantearnepeal rekke.
De ferwûne motorrider wie net oansprekber en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Bliken die dat de man gjin rydbewiis hie en dat de motor ek net fersekere wie.