Nij teater septimber iepen

08 aug 2008 - 06:25

It nije teater fan Snits iepent yn septimber syn doarren. Yn juny waard dúdlik dat de plannen foar in Kultureel Kwartier yn Snits trochgean kinne. Nei in lange diskusje yn Provinsjale Steaten, waard doe ynstimd mei in provinsjale bydrage fan twa miljoen euro foar de plannen.

In nij teater is in wichtich ûnderdiel fan it Kultureel Kwartier. No't de plannen trochgean kinne, is de ferbouwing fan it âlde TPG-gebou oan de Westersingel begûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)