Janmaat en Breuer blessearre

Janmaat sit twa wiken oan de kant
Sportclub Hearrenfean moat it twa wiken dwaan sûnder Daryl_Janmaat en Michel_Breuer. Beide ferdigeners rekken tiisdei yn de freonskiplike wedstriid tsjin Xanthi blessearre oan de ljisk. Benammen foar Janmaat is dat ferfelend, omdat er earder ek al lêst hie fan deselde blessuere.
Hearrenfean spilet it kommende wykein twa oefenwedstriden yn België. De earste wedstriid foar de kompetysje is op 31 augustus yn en tsjin Volendam.