Fryske flagge mei net yn Sina

Joop Atsma nimt de flagge wol mei
De Fryske flagge sil by súkses fan Fryske sporters by de Olympyske Spelen yn Sina gewoan wapperje as it oan Joop Atsma leit.
In Skotske parlemintariër hat útfûn dat sporters yn Sina allinne mar mei de flaggen fan de eigen steat oer de baan rinne meie en net mei de flagge fan de eigen regio. Dat soe bedoeld wêze om foar te kommen dat der yn Sina mei de flagge fan Tibet wappere wurdt. Sina sjocht Tibet as in Sineeske provinsje.