Direksje moat CAO neilibje

© Omrop Fryslân
De útsjoerkrachten fan Holwerda koeriertsjinsten op De Jouwer hawwe tongersdei koarte tiid it wurk dellein. Dat om't se it net iens binne mei de direksje fan it bedriuw oer it neilibjen fan de CAO.
Neffens de wurknimmers fan it bedriuw hâldt de direksje him nammentlik net oan de CAO. It wie in spontane aksje fan de útsjoerkrêften. Nei bemiddeling troch it fakbûn FNV binne se wer oan it wurk gien. De direksje hat tasein him oan de CAO te hâlden.