Aksje foar mear jild kultuer

07 aug 2008 - 17:16

Kultuerynstellings út Fryslân, Grinslân en Drinte sille de kommende tiid yn aksje komme om mear jild te krijen fan Den Haach. Neffens de ynstellings krijt it Noarden op it stuit fierstente min subsydzje. Goed 90 persint fan it ryksjild giet no nei de kultuer yn de Rânestêd.

It NNO, Tryater en Oerol komme no yn aksje. De kultuerynstellings wolle sa besykje minister Plasterk oer te heljen mear jild út te lûken foar de Noardlike kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)