Min waar lûkt oer Fryslân

07 aug 2008 - 12:05

It minne waar soarge rûnom yn de provinsje foar problemen. Trochdat it ynslein wie yn in boppelieding lei it treinferkear tusken Akkrum en Grou derút. De akwadukten by Galamadammen en by de Boarnsterdyk yn Akkrum strûpten ûnder en yn Aldemardum hiene se wetteroerlêst yn in nijbouwyk.

Under Ie binne 3 skiep troffen troch ynslach. Se ha it net oerlibbe. Ek de Snitswike hie lêst fan it minne waar. De wedstriden giene net troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)