Fernieling oplost mei YouTube
De plysje hat fan 'e wike in gefal fan fernieling yn Ingwierrum oplosse kind, omdat in filmke fan it ynsidint op ynternet te sjen is. Ein april waard oanjefte dien fan it fernielen fan in stik gers by in gaslokaasje yn Ingwierrum troch in crossende auto.
Koartlyn waard op de ynternetside Youtube in filmke ûntdutsen mei in groepke jonges dat yn in auto it gers fernielt. It kenteken fan de auto is dúdlik te sjen. Sadwaande wie it maklik om de dieders op te spoaren.