Goede sfear yn Snitswike

Plysjes hâlde de saak yn de gaten
De jûn en nacht nei de hurdsyldei fan de Snitswike binne rêstich ferrûn, seit de plysje. Der wiene in pear lytse ynsidintsjes, mar fierder wie it gesellich yn de stêd. De sfear is oer it algemien de hiele wike al goed, neffens de plysje. Der binne wol oertredings, mar it rint de spuigatten net út.
Tongersdei is de lêste dei dat der syld wurdt. De_jûns binne der noch ferskate optredens yn it sintrum fan de stêd.