Weening wint yn Maastricht

Pieter Weening (foto: Martin de Jong)
Hurdfytser Pieter_Weening fan De_Harkema hat woansdei de Ridderronde fan Maastricht wûn. Weening wûn de rit nei in lange solo. Tiisdei waard er nei in soartgelikense ûntsnapping by de Profronde fan Surhústerfean op it allerlêste momint noch weromhelle, mar yn Limburch slagge it in dei letter wol.
Twadde waard Maarten_Tjallingii, de Belch Sebastien_Rosseler waard tredde.