Auto te wetter yn Ljouwert

De fakânsje fan in Ljouwerter famylje is woansdei letterlik yn it wetter fallen. De Ljouwerters soene noch gau eefkes in krantsje helje op ´e Foarstreek, foardat se nei Dútslân giene. Se parkearden de auto waard oan ´e grêft.
Ta harren grutte skrik lei de auto samar ynienen yn ´e Ljouwerter grêft. De auto hat nei alle gedachten net goed op de hânrem stien en sa is de auto begûn te rôljen, mei as resultaat in grutte plûns.