Urkers mishannelje 80 einen

© Omrop Fryslân
Tachtich mishannele en fertutearze einen út Urk wurde op dit stuit opfongen by de Fûgelhelling yn Oerterp. Al wiken lang wurde de muskuseinen terrorisearre troch Urker jeugd. Se wurde besketten mei in luchtbuks en der is mei de einen fuotballe.
Meiwurkers fan de Fûgelhelling hawwe de hannen fol oan de opfang fan safolle ekstra gasten.