Brân op klipper op Waadsee

Op in skip op de Waadsee tusken Skylge en Harns hat woansdei brân west. It giet om de Josina_Elisabeth út Harns, in klipper mei 32 minsken oan board. De bergers fan de rêdingboat Arie_Visser fan Skylge hawwe de minsken fan board helle en binne mei apparatuer oan board gien om de brân te ûndersykjen. Dy wie yn it isolaasjemateriaal fan de útlit en is ûnder kontrôle.
De passazjiers en it skip binne nei de haven fan Harns brocht.