Nij fytspontsje foar Grou

Grou wol mear toeristen nei it doarp lûke. De lêste jierren hat der in dip wêst yn it tal toeristen. Troch ferskate projekten, lykas de nije haven, lûkt it toerisme no wer wat oan. Der is no in nij fytspontsje yn ´e feart brocht om noch mear minsken nei it doarp te heljen.
It pontsje fart dizze simmer op proef tusken wetterpark Yn_´e_Lijte en it sintrum fan it doarp. As it nije pontsje in súkses is, wurdt it ûnderdiel fan de besteande rûte fan acht pontsjes.