Utstjoerburo´s betelje te min

06 aug 2008 - 11:54

Utstjoerbedriuwen soargje foar it ûnderbeteljen fan Poalske wurknimmers yn de metaalsektor, en net de bedriuwen sels. Dat tinkt direkteur Nijkamp fan skipsbouwer Intervak yn Harns. De útstjoerburo´s soene in grut part fan it jild achterhâlde.

Nijkamp reagearret dêrmei op it nijs dat it fakbûn FNV fan doel is mei claims te kommen tsjin in tal bedriuwen yn de grutmetaal. Dy soene harren Poalske wurknimmers struktureel 30 persint te min betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)