Man mei stroomwapen oanhâlden

06 aug 2008 - 10:49

Op It_Hearrenfean is tiisdeitejûn in man oanhâlden, omdat er in stroomstjitwapen hie en dêrmei drige hie. De man hie spul hân mei in oare man en drige him mei in pistoal de holle derôf te sjitten. Hy smiet ek in bierfleske stikken en rûn dêrmei op syn slachtoffer ôf. Dy naaide hurd út en belle mei 112.

De plysje koe de fertochte gau fine. Dy hie it stroomstjitwapen noch by him. Dat is yn beslach naam. De fertochte moast mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)