Harnzer krante bot te let

© Omrop Fryslân
Hûnderten abonnees fan de Harnzer Krante wachtsje noch hieltyd op de krante fan ôfrûne freed. Troch in flater fan TNT bleau in kontener mei post stean en dêryn sieten ek goed 500 Harnzer kranten.
It reinde moandei klachten fan lêzers út Fryslân, en ek fan bûten de provinsje. Yntusken is in part fan de kranten by de minsken delbrocht.