Epke fielt him net fit

Epke hat lêst fan krinten om it kin
It giet net sa goed mei turner Epke Zonderland. Hy is op it stuit yn Peking om him ta te rieden op de Olympyske Spelen. Zonderland is lang net fit. Hy hat lêst fan krinten om it kin, oftewol krentenbaard, hat in protte lêst fan in jetlag en is ek nochris ferkâlden wurden. Epke is ûntefreden oer syn training woansdeitemoarn.
´Mar ik bliuw posityf, jo fiele jo wol ris faker net lekker´, sa seit Epke. Sneon moat er los yn ´e kwalifikaasjes.