Zabel wint yn Surhústerfean

05 aug 2008 - 21:13

Hurdfytser Erik_Zabel hat de 27ste edysje fan de Profronde fan Surhústerfean wûn. De Dútser fan de Milramploech wie yn de sprint sterker as de winner fan de boltsjetrui yn de Tour Bernhard_Kohl en Pieter Weening.

De trije hurdfytsers wisten yn de lêste kilometer fuort te riden út in kopgroep fan sân hurdfytsers. Fjirde waard de Belch Gert_Steegmans en fyfde waard Juan_Antonio_Flecha fan de Rabobankploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)