Notarissen moanne lang skorst

05 aug 2008 - 16:51

Fiif Fryske notarissen binne foar in moanne skorst. Se sitte allegearre yn ien kantoar, Nord Notarissen en Advokaten. Reden foar de skorsing is dat de eigen finansjele administraasje net op oarder wie.

De notarissen binne yn heger berop gien tsjin de skorsing. Salang't it gerjochtshôf gjin útspraak dien hat, kinne de notarissen gewoan it wurk dwaan. Kliïnten kinne ek gewoan saken dwaan mei de notarissen, neffens de keamer fan tafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)