Casal fan Cambuur nei Swindon

05 aug 2008 - 11:54

Sportclub Cambuur hat de Nigeriaanske ferdigener Kasali_Yinka_Casal ferkocht oan it Ingelske Swindon Town. Casal tekent dêr in kontrakt foar twa jier. Oer de transfersom wurde gjin meidielings dien.

Dúdlik is wol dat Cambuur fan doel is om it jild ûnder oare te brûken om oanfaller Mark_de_Vries yn Ljouwert te hâlden. De 32-jierrige De_Vries traint sûnt ferline wike mei mei de seleksje en foldocht sa goed dat Cambuur him in kontrakt oanbiede wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)