Friezen it minst nei de dokter

Friezen gean it minst fan alle Nederlanners nei de húsdokter. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk.
It CBS hat fjouwer jier lang ûndersyk dien nei hoe sûn oft minsken harren fiele. Dêr docht út bliken dat 68 persint fan 'e Friezen op syn minst ien kear yn it jier nei de húsarts gean. Lanlik is dat 73 persint. Yn Flevolân leit it sifer sels op 76 persint. Friezen gean ek minder nei de toskedokter en ha faker in keunstgebit.