Unrêstige nacht yn Langwar

05 aug 2008 - 10:14
  • Yn 'e haven wie it drok en ûnrêstich

De plysje moast moandeitenacht ferskate kearen optrede by rûzjes en fjochterijen yn Langwar. Mear as tsien persoanen rekken lichtferwûne. In jonge (17) út Heemstede is oanhâlden op fertinking fan mishanneling.

Fanwege de grutte drokte foar de acht plysjemanlju om de rûzjemakkers út elkoar te hâlden wie it net mooglik om nei alle saken in apart ûndersyk yn te stellen, Portiers en befeiligers holpen ek mei de boel yn 'e stringen te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)