Froeks.tv: 50.000 besikers

Froeks.tv
De Fryske ynternetside Froeks.tv hat yn 'e earste oardel moanne goed 50.000 besikers lutsen. Foar in webside yn it Frysk is dat in soad. Froeks rjochtet him op jongeren yn Fryslân en Friezen om utens. Elk kin filmkes op 'e webside sette. Dêrneist hat Froeks in eigen redaksje dy't ferhalen makket.
In filmke oer topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar luts in soad sjoggers. Ek in fideoklip fan twa Ljouwerter rappers soarge foar in soad hits op de ynternetside.