Sierk-Jan de Haan yn it giel

Sierk-Jan de Haan sterk yn België
Hurdfytser Sierk-Jan de Haan rydt tiisdei yn de fjirde etappe fan de Ronde fan Namen yn de giele liederstrui. Nei in fyfde plak yn de earste etappe mei tiidwinst op in grut part fan it peloton en in massasprint yn de twadde etappe, folge moandei in moai tredde plak yn de tredde etappe.
Yn dy tredde etappe leine sa'n 20 man foar op it peloton. De oerwinning wie foar de Dútser Philipp Walsleben. Der komme no noch twa swiere etappes yn omkriten fan Namen.