Harley's meie Sina net yn

04 aug 2008 - 19:45

De Harley Davidsons fan de trije Fryske motorriders dy't nei Peking ride woene meie Sina net yn. De trije manlju út Wolvegea, Steggerda en De Blesse binne begjin july ôfset.

Nei in tocht fan hast alvetûzen kilometer krige de groep lykwols te hearren dat harren motorfytsen net wolkom binne yn Sina. De groep sels mei wol it lân yn. Se binne no ûnderweis nei Peking. De Harley's stean sa lang yn de garaazje fan in Moangoalske grinswachter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)