Holiday Ice ferkeapet wer iis

04 aug 2008 - 16:33

IIsfabryk Holiday_Ice yn Sint_Nyk is moandei wer út ein set mei it útsuteljen fan iis. De klanten fan Holiday_Ice hawwe der in wike op wachtsje moatten, neidat ferline wike it dak fan it iisfabryk ynstoarte.

De dikke reinbuien hiene it dak te swier makke. It gefolch wie dat al it iis út ien fan de twa kuolsellen fuortgoaid wurde moast. It iis út de twadde kuolsel wie in wike lang net te berikken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)