Martha Wieringa ferstoarn

04 aug 2008 - 14:43

Ald-reedrydster Martha Wieringa is sneintenacht ferstoarn, 73 jier âld. Wieringa wie in fenomeen by it koartebaanriden yn de 50'er en 60'er jierren fan de foarige ieu. Healwei de jierren 50 waard se twa kear Nederlânsk kampioen op de koartebaan, ek waard se twa kear Frysk kampioen.

Har trochbraak wie yn it seizoen 1950- 1951. Doe waard se Frysk kampioen by de famkes. Wieringa waard berne yn Baard, mar wenne al wer jierren yn Frjentsjer. Se wie al in skoft siik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)