Dak bargestâl ynwaaid

04 aug 2008 - 13:14
  • Skea bargestâl Eastermar (foto H Koster)

Yn Eastermar is in bargestâl sneintejûn foar in grut part ynstoart troch in wynhoas. De wyn kaam yn de stâl en hat dy optild. Yn de stâl sieten in pear hûndert bargen. Goed 300 dêrfan binne ferhuze nei in nêstlizzende stâl.

De ravaazje is grut. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Wol hat de fee-arts in tal bisten ôfmakke dy't ferwûnings hiene troch it fallende dak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)