Fytser nei botsing trochriden

04 aug 2008 - 11:13

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding tusken twa fytsers op de Stâl yn Drachten. Sneintejûn waard dêr in 19-jierrige jonge út Drachten op 'e dyk oantroffen. Hy wie dronken en wie ferwûne oan 'e holle.

In tsjûge ferklearre dat de man krekt dêrfoar by in oare fytser opbotst wie en dat dy oare fytser trochriden wie. De plysje wol graach yn kontakt komme mei dy fytser. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)