Qbuzz siket nije sjauffeurs

Ferfiersbedriuw Qbuzz siket sjauffeurs
Ferfiersbedriuw Qbuzz is yn Fryslân begûn mei it winnen fan fyftich nije sjauffeurs. It bedriuw docht dat mei help fan in útstjoerburo. Ek minsken dy't gjin ûnderfining hawwe mei it riden fan in bus kinne har oanmelde en krije as se oannommen wurde rydles.
Qbuzz sil fan desimber ôf it iepenbier busferfier fersoargje yn Súdeast- Fryslân en nimt dan ek sjauffeurs oer fan Arriva. Dat bedriuw docht no it iepenbier ferfier yn de regio Drachten, Hearrenfean en Easterwâlde.