Eksploazje op camping Warkum

04 aug 2008 - 10:36

Op in camping oan de Suderseeleane yn Warkum hat snein in ekploazje yn in tinte west. De eskploazje ûntstie by it ferwikseljen fan in gasflesse fan in lampe. Omdat it tsjuster wie, brûkten de Dútske kampearders in kears as byferljochting. By it omsetten fan de gasflesse ûntstie de eksploazje.

Oare campinggasten hawwe fuort earste help ferliend en warskôgen de helptsjinsten Beide slachtoffers binne mei brânwûnen nei it sikehús fan Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)