Oerlêst troch minne waar

Wynhoas by Reduzum (foto Douwe Buursma)
Fryslân hat snein en sneintenacht in soad lêst hân fan de ekstreme waarsomstannichheden. In wetter- en wynhoas soarge tusken Earnewâld en Eastermar foar in soad skea. Der giene in stik as wat beammen om en fan in pleats is it dak derôf waaid.
Yn Dokkum wie sneintenacht yn de Hoedemakerspolder in soad wetteroerlêst troch swiere buien. By tsien huzen binne sânsekken pleatst om it wetter bûten de doarren te hâlden.