Generale foar Freule staakt

03 aug 2008 - 17:16

De generale repetysje foar de keatsers fan de kommende Freulepartij yn Wommels is snein yn Frjentsjer net útkeatst, omdat der tefolle wetter op it Sjûkelân stie. Skiedsrjochter Lolke_Bierma fûn it net ferantwurde de partij út te keatsen. De kâns op blessueres wie te grut.

De partij sil nei alle gedachten kommende sneon útkeatst wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)