Poëzytegel mei gedicht Arends

© Omrop Fryslân
Foar it gebou fan Tryater yn Ljouwert komt in poëzytegel te lizzen mei in gedicht fan dichter Jan_Arends. De tegel wurdt opnaam yn de poëzyrûte troch Ljouwert hinne. Tryater-akteur Jan_Arendz hat it inisjatyf naam. Hy hat de ôfrûne tiid in stik spile oer syn nammegenoat, de dichter Jan_Arends, dy´t yn 1973 himsels tekoart die troch út in rút te springen.
Doel is om de stien te ûntbleatsjen op 21 jannewaris takom jier as it krekt 35 jier lyn is dat Arends sprong.