Ferkearshinder Drachtsterwei

© Omrop Fryslân
Ferkear dat Ljouwert ynkomt oer de Drachtsterwei moat de kommende wike rekken hâlde mei fertraging. Der wurdt nij asfalt oanbrocht en dêrom is der mar ien rydstrook beskikber. Ek op de Anne Vondelingwei yn de stêd komt nij asfalt. Dêr wurdt it ferkear omlaat.
It is net krekt dúdlik hoe lang oft it wurk duorje sil, dat hinget ek fan it waar ôf. As it reint, kin der net asfaltearre wurde. De gemeente giet derfan út dat it wurk uterlik oant en mei freed duorret.