Kollum hat pealsitrekord

De trije noch oerbleaune dielnimmers oan it pealsitten yn Kollum ha in nij rekord festige. Se ha der mei elkoar 66 oeren en 40 minuten opsitten. It âlde rekord stie op 65 oeren.
De rekordpoging begûn yn de nacht fan woansdei op tongersdei, om trije oere en einige justerjûn om tsien oere. Sân minsken diene der oan mei, mar fjouwer fan har heakken ûnderweis ôf. De rekordpoging wie de ôfrûne dagen te folgjen op ynternet, mei in webcam.