Frjentsjer wint Ald Meijers

It priiswinnende partoer fan Frjentsjer
De keatsfamkes fan Frjentsjer ha sneon de Ald Meijers-partij yn Hitsum wûn. Se fersloegen yn de finale Sint Anne mei 5-4 en 6-2.
It partoer fan Frjentsjer bestie út Marit Kuperus, Rianne Vellinga en Manon Scheepstra. Foar Sint Anne keatsten Esther Wagenaar, Margit de Groot en Lisette Wagenaar. De tredde priis wie foar Bitgum mei Nelie Steenstra, Francien Hoogland en Martine Westra. Mei-inoar stiene der 18 partoeren op de list.