Hearrenfean-froulju yn Oranje

© Omrop Fryslân
Foar it trainingskamp fan it Nederlânsk frouljusalvetal yn Súd-Afrika, binne fjouwer spylsters fan SC Hearrenfean selektearre. Dat binne Sherida Spitse, Nangila van Eyck, Sylvia Smit en Cynthia Beekhuis.
It trainingskamp duorret in wike en wurdt ôfsletten mei in wedstriid tsjin Súd-Afrika. De Nederlânske fuotbalsters riede harren ta op de wichtige EK-kwalifikaasje wedstriid tsjin Switserlân op 30 augustus.