Opera Nijetrine op fearpontsje

© Omrop Fryslân
Yn Nijetrine wurdt wurke oan de opera Alias Duivelsoog dy't op 19 augustus de premjêre hat. Al 8 jier lang organisearret de Stichting Intermezzo in opera midden yn natuergebiet De Rottige Meenthe. Alias Duivelsoog is de opera fan dit jier en neffens de organisaasje is it in humoristysk stik.
Bysûnder dit jier is dat de sjongers op in fearpontsje sitte dat hinne en wer fart, it publyk sit op in ponton.