Hannemahûs Harns klear

02 aug 2008 - 10:06

Museum it Hannemahûs yn Harns is klear mei de ferbouwing. Troch de ûntdekking fan in âlde jeneverstokerij ûnder de flier fan de eksposysjeromte, wie it needsaaklik it museum út te wreidzjen. Neist in nije eksposysjeromte, is der no ek in nije argyfromte. Boppedat is der in foto- en filmstudio, in gehoarseal en in fergaderromte boud.

It museum oer de skiednis en kultuer fan Harns wurdt op 12 septìmber feestlik iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)