Alkoholkontrôle op eilannen

© Omrop Fryslân
Op de Waadeilannen wurdt de kommende tiid stranger kontroleard op de ferkeap fan alkohol oan jongeren ûnder de 16 jier. Dat wurdt dien troch de VWA, de Voedsel en Waren Autoriteit.
De VWA hat earder dizze simmer ek al kontrôles op de eilannen dien en konstatearde doe ferskate oertredings. Dat wie benammen yn de hoareka en op kampings. Neffens de VWA hâlde de measte supermerken har wol oan de regels. Oertreders kinne op syn meast in boete fan 3600 euro krije.