Ynslach wjerljocht op golfbaan

01 aug 2008 - 19:27

Ynslach fan wjerljocht soarget foar grutte problemen by golfbaan De Hildenberg yn Appelskea. Troch de ynslach wurket de kompjûter net mear dy't it sproeien fan de golfbaan regelet. Dat sproeien is tige wichtich, seker mei de hege temperatueren fan de ôfrûne tiid. It wachtsjen is no op nije ûnderdielen.

Pas as de nije ûnderdielen ynstalleard binne kin besjoen wurde oft ek oare parten fan de ynstallaasje skea oprûn ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)